Oer it stik:
Marleen is al 15 jier troud mei Peter, mar sûnt koart hat se in frijer,
Richard. Om Peter net allinnich achter te litten, makket se in profyl oan
op Relatieplanet en siket se in nije leafde foar him. Twa froulju,
Anoeska en Bernadien, reagearje elk mei har eigen reden. As
ûnferwachte besikers en betizing taslaan, folgje de komyske
ûntjouwingen inoar fluch op.
Datum: Sneon 10 febrewaris 2024
Lokaasje: De grutte saal yn Doarpshûs De Terp
Tiidstip: 19:30 oere, Saal iepen fanôf 19:15 oere
Entree: Kaartferkeap oan de doar. €12 foar folwoeksenen en €6
foar de bern oant en mei 12 jier âld.
Graach kontant te beteljen.
Nei de foarstelling ha we nog in ferlotting mei fantastyske prizen!
Mis dizze jûn fol ferrassingen en humor net!
En wêz op ‘e tiid, want fol is fol.