Freed te middei wie der foar de âlderein in gesellige middei yn it doarpshûs.
Sa’n 42 persoanen mocht it doarpsbelang begroetsje en ûnder it earste bakje kofje as tee traktearre Aan Westra mei syn akkordeon de minsken op in stikje muzyk. Dernei wie it Jan Fennema dy’t mei syn dia’s en moaie ferhalen de minsken meinaam op syn reis oer it Waad en de Waadeilânnen. Nei ôfrin stiene de sop en broadjes klear en koe
men noch efkes sitte te neipraten oer de tige slagge middei.